Seldsume bernebier yn Baaium

In seldsume bernebier út de 18de ieu is ûntdutsen yn Baaium. Mei in bernebier waarden bern eartiids te hôf brocht. In antykhanneler út Kûbaard kocht it op 'e rommelmerk fan de tsjerke fan Baaium. By de tsjerke wisten se net dat it om in seldsume bernebier gie.
In frijwilliger fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken seach de bier by de hanneler lizzen en soarge der foar dat de bernebier werom nei de tsjerke yn Baaium giet. Der binne yn Fryslân no mei elkoar seis âlde bernebieren.