Ferry Doedens rol yn The Bold

17 sep 2014 - 12:28
  • Ferry Doedens

Akteur Ferry Doedens (24) út Drachten krijt in rol yn The Bold and the Beautiful. De cast fan de Amerikaanske televyzjesearje nimt yn oktober fiif ôfleveringen op yn Amsterdam. The Bold wurdt yn mear as 100 lannen útstjoerd.

Ferry Doedens is bekend troch syn rol fan Lucas Sanders yn de Nederlânske soap Goede Tijden, Slechte Tijden. Ek is er op it stuit te sjen yn it televyzjeprogram Expeditie Robinson.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)