Snits moat oantrekliker wurde

17 sep 2014 - 12:07

Snits moat oantrekliker wurde om sa mear toeristen nei de stêd te heljen. Om dat foar elkoar te krijen ha Snitser ûndernimmers en de gemeente Súdwest-Fryslân in ferlanglist makke om dat te berikken. Se wolle bygelyks in bettere tagong foar it farferkear nei de stêd, it sintrum fan Snits moat better op de buorden oanjûn en der moatte mear bekende winkelnammen yn it sintrum komme, lykas de Sweedske kleansaak H&M.

Trefwurden: 
Snits toerisme
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)