FNP folget Skotsk referindum

17 sep 2014 - 11:30
  • FNP
  • Referindum Skotlân oer ûnôfhinklikheid

De FNP reizget woansdei mei 18 leden nei Skotlân om dêr it referindum oer ûnôfhinklikheid te folgjen. De Skotten meie tongersdei stimme oft sy as selsstannich lân fierder wolle. Skotlân is no ûnderdiel fan it Britske keninkryk. It doel fan de reis is neffens FNP-steatelid Sybren Posthumus om te sjen hoe't it proses yn Skotlân yn syn wurk giet en wat Fryslân fan Skotlân leare kin.

Posthumus seit mei klam dat de FNP nét sa'n referindum ha wol. De partij wol wol mear sizzenskip foar Fryslân, mar net yn de foarm fan ûnôfhinklikheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)