'Bedriuw moat mear lef toane'

It giet net goed mei it Fryske bedriuwslibben. Undernimmers yn Fryslân binne fierstente folle op har sels rjochte. Dat sei direkteur Siem Jansen fan de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij woansdei op in brochje foar ûndernimmers. Se praten oer de gefolgen fan de miljoenenota foar bedriuwen. Neffens Jansen moatte ûndernimmers ree wêze om mear mei elkoar te dielen.
Boppedat hawwe Fryske ûndernimmers fierstente min lef om te fernijen, sei Jansen. Sûnt maaie kinne ûndernimmers in berop dwaan op in ynnovaasjefûns foar nije ideeën.
In Ljouwerter bedriuw hat al jild krigen en 12 ûndernimmers ha in foarstel ynstjoerd.