Auto tsjin beam by Waskemar

17 sep 2014 - 11:06

Op de Leidyk by Waskemar is woansdeitemoarn in auto tsjin in beam botst. De bestjoerder rekke dêrby beknypt. De brânwacht is dwaande om de man út de auto te knippen. De traumahelikopter is ek oproppen. It giet neffens de plysje om in iensidich ûngelok. De man soe allinnich yn de auto sitte. Oer de ferwûnings fan it slachtoffer is neat bekend.

Trefwurden: 
botsing Waskemar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)