Primeur: nije wize fan kuilen

Yn Jistergea is op de pleats fan maatskip Schaap woansdei mei in nije wize fan kuilen begûn. Pulp fan sûkerbiten wurdt yn grutte sekken blaasd en fakuüm sûgd. Op dizze wize kin ek gers, mais en oare soarten fan fretten bewarre bliuwe. It fretten is sa better hâldber en der rint gjin focht mear út, wat goed is foar it miljeu.
Dizze wize fan fretten bewarje is nij foar Fryslân en Nederlân, mar wurdt op oare plakken op de wrâld al 20 jier suksesfol brûkt.