'Wiis mei legere soarchkosten'

16 sep 2014 - 21:35

Bestjoersfoarsitter Diana Monissen fan soarchfersekerder De Friesland is wiis mei de leger wurdende útjeften yn de soarch. Takom jier geane dy mei mar leafst 1,4 miljard euro nei ûnderen. Yn totaal wurdt der sa'n 71,3 miljard útjûn oan soarch yn Nederlân.

It weromrinnen fan de kosten is neffens de minister histoarysk en komt benammen troch in grutte herfoarming. Sa wurde langere soarchtrajekten oanpakt. De herfoarming giet op 1 jannewaris 2015 yn. De fersekeringspreemje sakket dan noch net, dat leit neffens Monissen in stik yngewikkelder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)