Krityk op fúzje korporaasjes

16 sep 2014 - 20:55

De gemeente Ljouwert hat krityk op de fúzjeplannen fan wenningboukorporaasjes De Wieren en Elkien. De gemeente makket har benammen soargen oer de ynvestearrings dy't de nije fúzjekorporaasje yn Ljouwert dwaan wol. Dat liket minder as earst ôfpraat.

De gemeente wol dêrom net in positive sjochwize nei de minister stjoere. De minister moat úteinlik in beslút nimme oer de fúzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)