'Net benaud foar de krimp'

Noardeast-Fryslân is net benaud foar de krimp. Dat waard tiisdei dúdlik op de regiogearkomste yn Burgum. Under it biedwurd 'Noardeast-Fryslân is dwaande' makken tal fan bedriuwen, ynstânsjes en oerheden oan inoar dúdlik wat se krekt dogge.
Mei dat útgongspunt en yn gearwurking kinne kânsen better pakt wurde dy't ek yn de regio lizze.