Fryske reaksjes op begrutting

De Fryske Twadde Keamerleden reagearje foarsichtich posityf op de plannen fan it kabinet foar it jier 2015. Hans de Boer, de nije foarsitter fan wurkjouwersorganisaasje, VNO/NCW is ek foarsichtich posityf. 'It giet wer wat better mei de measte bedriuwen, mar we binne der noch lang net', neffens him. Sander de Rouwe sjocht yn de kabinetsplannen foar it nije deltaplan en de Ofslútdyk kânsen foar Fryslân. Lutz Jacobi fan de PvdA dielt dy miening.
Troch it nij oankundige deltaplan binne der goede kânsen foar projekten lykas Holwert oan See.
Aukje de Vries is bliid dat it kabinet him ynspant om it MKB te helpen. Sa komt it kabinet mei in fûns dêr't it MKB jild liene kin foar ynnovative projekten. It kabinet docht dat, omdat it foar it MKB dreech is om jild te lienen by de banken. Magda Berndsen fan D66 is ek foarsichtich posityf oer de jongste ryksbegrutting. D66 hat as opposysjepartij meipraten oer de ynhâld fan de begrutting. Berndsen fynt it allinnich spitich dat it kabinet de fernijing fan it belestingstelsel útsteld hat.