Sporthal Langwar ûntromme

© ANP XTRA
Sporthal Tsjillân yn Langwar is tiisdeitemiddei foar koarte tiid ûntromme. Der soe brân wêze yn ien fan de wc's yn it gebou. De brânwacht is warskôge en út foarsoarch moast eltsenien dy't yn de sportseal wie nei bûten ta.
Neffens de brânwacht gie it om in pear bern dy't oan it sporten wiene. Doe't de brânwacht oankaam wie der net folle oan de hân. De situaasje wie gau ûnder kontrôle.