Renovaasje Hoedemakerspolder

Yn de Hoedemakerspolder yn Dokkum wurde de kommende jierren 280 wenningen renovearre. Troch de hege wetterstân yn de polder ha in soad minsken wetteroerlêst yn en om it hûs. Troch wenten te slopen en op te knappen tinkt wenningkorporaasje Thús Wonen in ein te meitsjen oan de wetteroerlêst en de sûnensproblemen dy't guon bewenners dêrtroch hawwe. It projekt yn de Hoedemakerspolder kostet miljoenen, mar Thús Wonen woe net sizze hoefolle.