Ytkafee Tsjummearum gau troch

16 sep 2014 - 14:28
  • It 'Wapen van Barradeel' yn Tsjummearum
  • De Hoeke mei syn útbaters yn Minnertsgea

Ytkafee Het Wapen van Barradeel yn Tzummearum moat gau in nije útbater krije. Dat fynt foarsitter Willem Zuidema fan aktiviteiteferiening 'Nut en Genoegen', dat it ytkafee yn besit hat. Yn augustus rekke de hierder yn finansjele problemen en waard in kurator oansteld om it fallisemint te begelieden. It ytkafee is no ticht, mar it Nut wol dat it kafee sa gau as mooglik wer iepen giet. Twa partijen hawwe al ynteresse toand om it kafee oer te nimmen.

It Nut stiet ek iepen foar de ferkeap fan it gebou, as it mar in sosjale bestimming krijt.

Huub en Janny van der Akker binne sûnt twa jier de útbaters fan it goedrinnende ytkafee De Hoeke yn Minnertsgea. Sy fine it skande dat Het Wapen van Barradeel yn it doarp fierderop ticht is en hoopje dat it gebou gau wer yn gebrûk naam wurdt. Neffens harren is it saak dat de nije útbater harket nei de winsken fan it doarp. 'Doch mar normaal dan dogge je gek genôch. Jo kinne yn in doarp better gjin drege menukaarten presintearje, want de minsen hawwe yn it doarp mear ferlet fan in simpele snytsel', fine de Van der Akkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)