Jorritsma hopet op goed nijs

16 sep 2014 - 13:12
  • Kommissaris fan de Kening John Jorritsma
  • It Escher Museum

Mei de presintaasje fan de ryksbegrutting op Prinsjesdei hopet kommissaris fan de Kening John Jorritsma op positive finansjele besluten foar Fryslân. Jorritsma ferwachtet dat der jild út Den Haach frijkomt foar in noardlik wurkgelegenheidsfûns.

Hy giet ek der fanút dat der meikoarten mear dúdlikheid komt oer de plannen foar in nije, duorsume Ofslútdyk. Jorritsma en it kolleezje Deputearre Steaten hiene har gearkomste tiisdei yn it Escher Museum yn it sintrum fan Den Haach. Nei de gearkomste gie Jorritsma rinnende nei de Ridderseal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)