Van Basten docht stapke werom

16 sep 2014 - 11:06
  • Marco van Basten

Ald-Hearrenfean trainer Marco van Basten is fan hjoed ôf assistint-trainer by fuotbalklup AZ Alkmaar. Van Basten begûn dit seizoen as haadcoach fan de Alkmaarders mar docht no in stapke werom fanwege syn sûnens. De trainer melde him trije wike lyn siik. Hy hie ûnder oare lêst fan hertkloppings. Nei eigen sizzen hie er gjin oare kar, om't er stress yn de takomst sjen moat te foarkommen.

Alex Pastoor wurdt de nije haadcoach en sil dus assistearre wurde troch Van Basten. Beide manlju wikselje dêrmei fan funksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)