Autodief pakt yn Ljouwert

16 sep 2014 - 09:44

De plysje hat moanditejûn yn de Saailân-parkeargaraazje yn Ljouwert in 44-jierrige man út Grins oanhâlden, omdat dy earder dizze moanne guod stellen hie út in auto. Meiwurkers fan de garaazje werkenden de man, omdat der bylden wiene fan de stellerij. Sy hawwe de man meinommen nei it kantoar en de plysje belle.

De man wie agressyf en bedrige in meiwurker fan de parkeargaraazje, dy hat dêr oanjefte fan dien. De man is ynsletten foar ferhoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)