Ferlies Jong It Fean yn Grins

15 sep 2014 - 21:26
  • In fuotbal

Jong Hearrenfean hat de útwedstriid tsjin Jong FC Grins mei 2-1 ferlern. By Jong FC Grins dogge ek 'altyd' fjouwer spilers fan SC Cambuur mei. Dat wiene dizze kear Berend Jan Schootstra, Sander van de Streek, Damiano Schet en Donovan Slijngard. Alle doelpunten foelen yn de earste helte. Grins kaam op foarsprong troch Roland Baas. Thomas Dalgaard makke út in pennel de lykmakker en Dino Islamovic soarge foar de winnende treffer foar de thúsploech.

De spanning is folslein werom yn dizze pûl fan de beloftekompetysje. Jong NEC/FC Oss hat 7 punten út 4 wedstriden. Jong Hearrenfean, Jong FC Grins/Cambuur en Jong PEC Zwolle ha ien punt minder. Jong Almere City is de nûmer fiif mei 4 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)