Huis & Tuin wol ferjonging

15 sep 2014 - 20:10

De beurs Huis & Tuin yn it WTC Expo yn Ljouwert wol in nije koers farre. De beurs wol him mear rjochtsje op in jonger en breder publyk. De ofrûne jierren hat Huis & Tuin bot lêst fan in tebekrinnend besikertal.

Fierders is it dreech om alle plakken fol te krijen mei stands. Dat moat oars, fynt de beursorganisaasje. Dêrom moat de beurs him mear rjochtsje op alle soarten fan tunen: fan lytse oant en mei hiel lúkse. De besteande standhâlders hienen altyd in soad krityk op de beursorganisaasje, om't net harke wurde soe nei harren winsken.

De standhâlders binne bliid dat der no oan fernijing dien wurdt, mar se freegje harren wol ôf hoe't dat finansiere wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)