Rjochtsaak Sviatoslav útsteld

15 sep 2014 - 15:07

De rjochtsaak tsjin de direkteur fan de stifting Sviatoslav is net trochgien. De 51-jierige ynwenner fan Skearnegoutum woe net op de sitting ferskine. Hy wurdt derfan fertocht op ynternet in famke fan 13 jier foar seks besocht hawwe te regeljen.

De man woe net komme om't er gjin betrouwen hat yn de wize hoe't justysje mei de saak omgiet. Sa is in oanfraach foar it hearren fan ekstra tsjûgen ôfwiisd. It Iepenbier Ministearje wie der net wiis mei dat de direkteur der net wie, en frege om útstel fan de saak. De rjochtbank gie dêryn mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)