'Dûk yn imago bioboer'

Krantekoppen oer bioboeren dy't harren net oan de regels hâlde, dogge it imago fan de sektor gjin goed. Dat seit biologysk skieppehâlder Wieger Kuiken út Kollumerpomp.
Lanlike kranten skreaunen moandei dat biologyske boeren hieltyd faker de regels skeine. Dan giet it meast om lytse administrative dingen, mar dat wurdt net kommunisearre. Krekt foar de biologyske sektor is in goed imago by de boarger fan grut belang, tink Kuiken. Wa't bewust de regels oan 'e kant skoot om jild te fertsjinjen, moat hurd oanpakt wurde, tinkt er.