Dug-out ûndersyk hast klear

It ûndersyk fan it Iepenbier Ministearje nei de skuldfraach yn it dug-out-drama yn Twizel is oer in pear wike klear. By dat ûndersyk, mei it each op in eventuele strafrjochtlike ferfolging, makket it net út dat de gemeente Achtkarspelen himsels oanspraaklik steld hat. Dat seit justysje. Oanspraaklikens spilet gjin rol by strafrjochtlike ferfolging. Net elke flater, dêr't je wol oanspraaklik foar binne, is in strafber feit.
Yn maaie kaam by it ynstoarten fan in dug-out in famke fan tsien jier by om it libben en fiif oare bern rekken ferwûne.