Swarte Pyt Harns bliuwt swart

15 sep 2014 - 12:47

De Swarte Piten fan it Sinteklazemearke yn Harns bliuwe swart. De Grutte Sinteklaasshow wurdt ein novimber fiif kear opfierd yn Trebol. De organisaasje lûkt him neat oan fan krityk dy't lanlik ûnstien is op Swarte Pyt. Fanwege de opskuor binne der organisaasjes dy't by yntochten en optredens de Piten hielendal net of ljochter sminke. It bestjoer fan it Pieten Theater yn Harns fielt dêr neat foar.

De lanlike PVV komt mei in wetsfoarstel om Swarte Pyt te beskermjen. It CDA stipet it idee net, omdat soks gjin saak is fan de oerheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)