Jonkjes mishannele yn Ljouwert

15 sep 2014 - 12:01

In 27-jierrige Ljouwerter is snein oanhâlden op fertinking fan mishanneling fan twa bern. De dochter fan in freondinne fan de man wie oan it boartsjen yn de Curaçaostrjitte. Twa jonkjes fan 8 en 10 jier pleagen it famke. Dêrop kaam de man nei de jonges ta en pakte harren by de kiel en treau harren tsjin de grûn.

De beide jonkjes rekken flink oerstjoer. De âlden bellen de plysje, dy't de man meinaam nei it buro. Hy sit noch fêst.

Trefwurden: 
Ljouwert mishanneling jonges
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)