Rjochtsaak tsjin Sviatoslav

De rjochtbank yn Ljouwert
Foar de rjochtbank yn Ljouwert tsjinnet moandei de saak tsjin de direkteur helporganisaasje Stifting Sviatoslav. De 51-jierrige man út Skearnegoutum wurdt derfan fertocht dat er in famke fan 13 jier fia ynternet besocht hawwe soe te regeljen foar seks. De fertochte en de stifting bestride de oanklacht.
Stifting Sviatoslav set him yn foar help oan bern yn Sint Petersburg en Tadzjikistan.