Soad besikers nij Fries Museum

15 sep 2014 - 11:09

In jier nei de iepening fan it nije Fries Museum hawwe 144.000 besikers it museum besocht. Dit is boppe ferwachting, lit direkteur Saskia Bak witte. Yn it âlde Fries Museum kamen alle jierren 55.000 minsken. Neffens Bak komt de groei troch de bettere sichtlokaasje midden yn 'e stêd en mei it omfangrike programma.

Op social media giet it it Fries Museum ek foar de wyn. De webside waard mear as 200.000 kear besjoen. It tal folgers op Twitter rûn op nei sântûzen en op Facebook hat it museum mear as 10.000 likes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)