Hoefsmit nei Nij Smellinghe

15 sep 2014 - 10:10

Norbert Hoefsmit is fan 1 oktober ôf de nije bestjoerder fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten en soarchgroep Pasana. De Ried fan Tafersjoch hat de 54-jierrige bestjoerder beneamd ta ynterim-foarsitter fan de Ried fan Bestjoer. Hy folget Peter Littooij op, dy't nei it Martinisikehûs yn Grins giet.

Hoefsmit hat him de ôfrûne moannen dwaande hâlden mei De Jutters, in sintrum foar berne- en jeugdpsychiatry. Hy hat sawol in medyske as in bedriuwskundige eftergrûn en wurke earder by ferskate soarchynstânsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)