Debat PvdA útsteld

15 sep 2014 - 09:49

De debatten dy't de Partij van de Arbeid fan 'e wike hâlde soe yn de striid om it listlûkerskip foar de steateferkiezings fan maart takom jier, binne útsteld. Dat beslút hat de partij naam nei it ferstjerren fan in famyljelid fan ien fan de listlûkerskandidaten. De debatten dy't foar woansdei en tongersdei pland stienen, wurde letter hâlden.

Trefwurden: 
PvdA steateferkiezings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)