'Leechsteande pleatsen slope'

It ôfbrekken fan leechsteande pleatsen yn Fryslân is needsaaklik om it Fryske kultureel erfguod te hoedzjen. Dat seit Lies Siegersma, direkteur fan ArkFryslân, sintrum foar arsjitektuer en romtlike kwaliteit. Sy is sprekker op it sympoasium yn Aldebiltsyl oer leechstân yn Fryske krimpgebieten.
Siegersma fynt dat foar it ôfbrekken subsydzje beskikber komme moat. It slopen fan in pleats is djoer, mar needsaaklik om foar te kommen dat der ruïnes yn it Fryske lânskip ûntstean. Wol wurdt safolle mooglik nei oare bestimmings socht.
Neffens direkteur Martin Cnossen fan de stifting Doarp en Bedriuw Fryslân (DBF) is de ferbou fan de Aerden Plaats yn Aldebiltsyl fan tsjerke ta multykultureel besikerssintrum in goed foarbyld fan in slagge projekt. De Aerden Plaats luts it ôfrûne seizoen 25 % mear besikers as ferline jier. Dat komt ûnder oare troch de nije flintertún en troch de konserten dy't yn de eardere tsjerke hâlden wurde.
De Drie Gemeenten yn Aldeleie is ek in foarbyldprojekt. De doarpskroech transformearre ta in moetingssintrum foar doarpsbewenners en toeristen. De kroech leit oan de noardlike alvestêderûte dy't de ôfrûne jierren wer befarber makke is. De kroech is noch net sa lang wer iepen yn de nije formule. Ek Cnossen seit dat it net tafalt om foar alle leechsteande bedriuwen en pleatsen in nije bestemming te finen, dy't ek út kin. Yn guon gefallen kin sloop dan in opsje wêze.