Jannick de Jong noch lieder

14 sep 2014 - 20:31
  • Jannick de Jong

Jannick de Jong giet, mei noch ien wedstriid op it program, noch altyd oan de lieding yn de stân om de wrâldtitel. Dochs wie it súkses yn Morizes net al te grut. De Jong waard yn Frankryk fjirde yn de heale finale en miste sadwaande de A-finale. Hy koe mei syn sânde plak 13 punten byskriuwe. Theo Pijper en Dirk Fabriek hellen de grutte finale wol. Pijper waard yn de einstân tredde, Fabriek fiifde. Op snein 28 septimber is de lêste wedstriiid yn Mühldorf. De Jong hat no 56 punten, Mathieu Tresarrieu 54 en Erik Riss 51 punten.

De wedstriid yn Morizes waard wûn troch de Brit Richard Hall, dy't klom nei it fjirde plak yn de tuskenstân. Dirk Fabriek stiet op it achtste plak mei 33 punten, Theo Pijper is njoggende mei 31 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)