Solarboat fart tsjin boathûs

14 sep 2014 - 16:29

De sinneboat fan it Dutch Solar Boat Team út Ljouwert is snein beskeadige troch presintator Menno Bentveld fan it radioprogramma Vroege Vogels. De presintator mocht in eintsje mei de boat farre, mar ramde dêrmei live yn de útstjoering it boathûs fan Natuurmomuminten yn it Naardermeer. Bentveld moast stjoere, gas jaan en tagelyk de mikrofoan beethâlde en dat gong mis. Neffens foarsitter Henk Hartman fan it Dutch Solar Boat Team falt de skea lykwols ta. Der sit wol in kras op de boat, mar dat is mei in pear kwasten ferve te ferhelpen.

De boat kin sneintejûn gewoan meidwaan oan in parade yn Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)