FVC lit punten lizze

14 sep 2014 - 16:08

De fuotballers fan FVC hawwe snein mei 3-1 ferlern fan NEC. Yn Nijmegen duorre it lang foardat de doelpunten foelen. Pas yn de twadde helte wist de thúsploech ta skoaren te kommen. Yn de jacht op de lykmakker fan de ploech fan trainer Bert Hollander wie it lykwols op 'e nij NEC dat it fizier op skerp hie en de 2-0 op it boerd sette.

Dêrmei wie it ferset brutsen en wie yn de slotfaze ek de tredde Nijmeegse treffer in feit. Ruurd Algra tekene yn blessueretiid foar de Ljouwerter earetreffer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)