Sânde Burgumrun
Yn Burgum is foar de sânde kear de Burgumrun hâlden. Sawat tûzen dielnimmers, jong en âld, draafden ferskillende ôfstannen: fan 2,5 oant 16,1 kilometer. It hurdrinevenemint, mei start en finish by de elektrisiteitssintrale yn Burgum, luts in soad besikers.