Plysje siket dokterstas
De plysje siket in brune dokterstas, in doaske mei ampullen en in blauwe beautycase dy't mooglik earne yn Fryslân troch in dief út de auto smiten binne. Ofrûne tiisdei waard yn Grins de auto fan in húsdokter stellen. Freed krige de dief lykwols spyt en melde him sels by de plysje. De auto hie er meinaam nei it plysjeburo, mar de dokterstas, it doaske mei ampullen en de blauwe beautycase leine der net mear yn. De dief sei sels dat er dy earne tusken Grins, Ljouwert en Harns út de auto smiten hie.
De plysje hopet no dat immen it guod fûn hat.