Sporttsjerke yn Dokkum

Sa'n fjirtich jeugdleden fan de protestantske tsjerke De Herberg yn Dokkum hoegden snein ris net lang yn de tsjerkebanken te sitten. Wylst âlden yn tsjerke sieten, koene de bern foar it earst meidwaan oan Sporttsjerke. Doel dêrfan is om bern troch trainings mei it leauwen en it evangeelje yn kontakt te bringen. Sporttsjerke is troch frijwilligers fan De Herberg sels betocht om de tsjerke foar bern en jongerein ynteressanter te meitjen.
Yn sporthal De Trimmer wie snein as earste in judoles fan in profesjonele trainer.
Foar takom jier stean sporttsjerketrainings keatsen en kuorbal op it programma.