Falsk alarm om swimmer

14 sep 2014 - 12:07
  • Grutte rêdingsaksje om swimmer by Bonkefeart

De helptsjinsten binne sneintemoarn manmachtich oproppen nei in melding dat der in persoan ferdronken wêze soe by de Tolhúswei, flakby de nijbouwyk Blitsaert by Ljouwert. Under oare brânwacht, plysje, in ambulânse en in traumahelikopter kamen nei de Bonkefeart ta. Der waarden ek dûkers ynskeakele.

Doe melde har in frou by de helptsjinsten. Dy sei dat sy oan it swimmen west hie yn de Bonkefeart, mar dat der fierder neat mei har oan de hân wie. De helpaksje is doe ôfbrutsen. De plysje sei dat der alle reden wie de melding serieus te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)