Jongeman yn de boeien slein

14 sep 2014 - 11:54

De plysje hat sneontenacht yn Drachten in soad wurk hân fan de oanhâlding fan in 19-jierrige jonge. De plysje kontrolearre in groep jongeren oan de Súdkade en de jonge bemuoide him dêrmei. De plysje frege him om fuort te gean, mar dat die er net.

Doe't de plysjes him oanhâlde woene, fersette de jonge him dêr bot tsjin. Uteinlik is er dochs yn de boeien slein en meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)