Utmerk Snits wol ferfolch

14 sep 2014 - 11:27

De organisaasjes fan de earste edysje fan de frUITmarkt yn Snits fynt dat der takom jier wer in útmerk komme moat yn Súdwest-Fryslân. Sneon kamen der in lytse 5000 minsken nei de stêd. De merk wie oan de Westersingel, de Tsjerkegrêft en de Julianastrjitte. Op ferskate poadia wiene optredens. Fierders koe mei kano's en boatsjes troch de grêften fearn wurde. Op fiif oere wie it slotoptreden fan The Cops. Doe wie der noch flink wat publyk.

De organisaasje seit tefreden te wêzen oer it besikerstal en it ferrin fan de útmerk.

Trefwurden: 
Snits útmerk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)