Tsjerketsjinst Jorwert oanpast
De tradisjonele tsjerketsjinst yn it dekôr fan it iepenloftspul yn Jorwert is snein oanpast nei it deadlik auto-ûngelok fan ferline wike freed by it doarp. De tsjinst hat in soberder karakter en de muzyk is oanpast.
It is sûnt jierren wenst dat yn Jorwert in tsjinst hâlden wurdt dy't yngiet op itselde tema as it iepenloftspul. Dûmny Hinne Wagenaar hat de lieding fan dy tsjinst, krekt as by de útfearttsjinst fan ôfrûne tongersdei. Dy waard ek yn it dekôr fan it iepenloftspul hâlden.
It stik fan dit jier hjit Maraton en it giet oer fiif freonen. Wagenaar brûkte dat útgongspunt by it finen fan in Bibeltekst foar de tsjerketsjinst en keas foar it ferhaal fan de fjouwer manlju dy't har ferlamme freon by Jezus bringe foar genêzing.