Botsing auto en buske Surhuzum

© Gerwin de Vries
Op it Langfal yn Surhuzum binne sneontejûn om seis oere hinne in auto en in buske tsjinelkoar botst. De auto bedarre dêrnei op de sydkant yn de sleat. De bestjoerder hie fjouwer bern yn 'e auto. Sy rekken net swier ferwûne en hoegden net nei it sikehûs. De twa persoanen yn it buske hoegden dat ek net.
In bergingsbedriuw hat de auto út de sleat helle.