Hearrenfean wint by AZ

Sportklup Hearrenfean hat in knappe oerwinning behelle yn Alkmaar. De ploech fan Lodeweges wûn mei 1-0 fan AZ. Man fan de wedstriid wie Daley Sinkgraven. Hy spile net allinnich in goede wedstriid, hy makke yn de 38e minút ek de iennige goal.
Hearrenfean spile benammen yn de earste helte goed. De twadde helte spile AZ mear ien op ien, mar echt hiele grutte kânsen smiet dat net op. Hearrenfean stiet no tredde mei tsien punten út fiif wedstriden.