Rige op Iepen Monumintedei

13 sep 2014 - 17:40

De Iepen Monumintedei fan de gemeente Ljouwert hat sneon 1500 oant 2000 besikers lutsen. Dat seit in wurdfierder fan de gemeente. Dit jier lei de klam op de nije doarpen dy't troch de gemeentlike weryndieling by de gemeente kaam binne.

Sintraal plak wie Wergea. Grutte lûker wie in bunker yn Grou dêr't besikers betiden lang wachtsje moasten. Mar op in lokaasje lykas Tsienzerbuorren by Reduzum kaam ek aardich wat folk ôf. De bewenners stelden harren hûs iepen en frijwilligers diene it ferhaal.

It lanlike tema fan de Iepen Monumintedei wie 'op reis'. Dêrom sette de gemeente Ljouwert âlde ferfiermiddels yn, lykas in âlde bus en in landauer.

Takom jier yn it twadde wykein fan septimber is it wer Iepen Monumintedei.

Trefwurden: 
Ljouwert Grou monumintedei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)