Baggerwurk yn Akkrum

De Boarn yn Akkrum © Google Street View
De gemeente Hearrenfean, de Provinsje Fryslân en it Fryske Marreprojekt begjinne meikoarten mei it útbaggerjen fan de farwegen en oanlisplakken yn Akkrum. It baggerwurk is yn de Alde Boarn, Trigreppel en de oanlisplakken by de Boarn del en yn it sintrum fan it doarp. Mei it baggerjen moat de berikberens fan Akkrum oer it wetter ferbetterje.
Takom woansdei is der in ynformaasjegearkomste oer it projekt.