Welgelegen bestiet 165 jier

Mûne Welgelegen op It Hearrenfean © Google Street View
Mûne Welgelegen op It Hearrenfean fiert sneon op de Fryske Mûnedei it 165-jierrich bestean. De mûne wie destiids ien fan de santjin mûnen op It Hearrenfean. Dy binne stadichoan weiwurden. Nei't Siebenga's houtseachmûne yn 1973 ôfbaarnde, wie Welgelegen de iennige dy't oerbleau.
Sûnt 1974 draait de mûne wer mei help fan frijwilligers. De mûne draait sneon ek. Yn ferbân mei it 165-jierrich bestean wurde dan ek pankoeken en pizza's bakt. Fierders is der in ferhalefertelster foar de bern en kin der op in ponny riden wurde.
It moal dat sneon meald wurdt, sil by de kommende Flaeijelfeesten yn Nijhoarne brûkt wurde om bôle te bakken. Dat bart op âlderwetske wize, yn in oven dy't stookt wurdt op hout.