Ploertedeader op Woartelhaven

In ploertedeader is in stôk mei in fleksibel útein sadat de klap hurder oankomt © Wikipedia
In 35-jierrige man út Assen is yn de nacht fan freed op sneon op de Woartelhaven yn Ljouwert oanhâlden om't de man in ploertedeader, in ferbean baltsjespistoal, XTC-pillen en speed by him hie. De man wie belutsen by in rûzje tusken twa groepen manlju. Doe't de plysje harren kontrolearre, kaam it guod boppe wetter.
It guod is yn beslach naam. De Assener waard meinaam nei it plysjeburo dêr't proses-ferbaal opmakke is.