Jonkje fan 2 jier oanriden

13 sep 2014 - 11:20

In jonkje fan 2 jier út Twizelerheide is freedtejûn ferwûne rekke by in oanriding op De Elzen yn syn wenplak. Hy kaam achter in parkearde auto wei en stuts samar ynienen de dyk oer. In 48-jierrige automobiliste út it doarp koe net mear om it jonkje hinne. It bern rekke troch de klap ferwûne en moast nei it sikehûs.

Ut ûndersyk troch de plysje die bliken dat de frou net te hurd riden hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)