Noarderljocht goed te sjen

13 sep 2014 - 08:23
  • Noarderljocht tusken Holwert en Lauwerseach
  • Noarderljocht by Sint Jabik
  • Noarderljocht op Skylge

It noarderljocht wie yn de nacht fan freed op sneon yn Fryslân somtiden goed te sjen. It natuerferskynsel die him oant ien oere nachts foar. Dêrnei draaide it magnetysk fjild fan de ierdbol ôf en waard it bysûndere ljocht swakker. It ljocht wie benammen goed te sjen oan de kust, op de Ofslútdyk en de Waadeilannen. It komt net sa faak foar dat it noarderljocht yn Fryslân te sjen is.

Noarderljocht ûntstiet trochdat op de sinne in erupsje plakfynt hat en dêrnei elektrysk laden dieltsjes frijkomme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)