Boykot treft twaddehânsk auto

12 sep 2014 - 17:18
  • Auto Joure XL

In ymportferbot fan twaddehânsk auto's út Europa wei yn Ruslân soarget foar in negative stimming op de merk, minder handel en legere prizen. Dat seit Stoffel Papjes, eigener fan autobedriuw Auto Joure XL.

Ruslân driget mei in ferbot op de ynfier fan twaddehânsk auto's yn reaksje op de nije sanksjes fan Europa rjochting Ruslân yn ferbân mei de situaasje yn Oekraïne. Papjes hopet dat it safier net komt. De automerk hat it noch hieltyd swier. Elke negative ûntwikkeling soarget foar in nije dûk yn it fertrouwen, tinkt Papjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)