Twa ûngelokken op A7

De Ofslútdyk © Omrop Fryslân
Op de Ofslútdyk is freedtemiddei om sawat healwei trijen in ûngelok bard. In auto dy't út de rjochting fan Noard-Hollân oer de A7 nei Fryslân ried, is by Breesândyk yn de fangrail bedarre. Oft der minsken ferwûne rekke binne en wat de gefolgen binne foar it ferkear, is net bekend.
Op de A7 by Tsjalbert hat ek in ûngelok west. Dêr is in auto oer de kop flein en yn de berm telâne kaam. Der is gjinien ferwûne rekke by it ûngelok.