Foto's socht fan noarderljocht

Omrop Fryslân is op syk nei minsken dy't foto's of filmkes hawwe fan it noarderljocht. It natuerferskynsel wie tongersdeitenacht noch net goed te sjen, mar ferwachte wurdt dat it freedtenacht en sneontemoarn in stik better te sjen is. It ferskynsel is bysûnder en komt net faak foar. Trochdat der in saneamde erupsje plakfûn hat, komme der op it stuit elektrysk laden dieltjes nei de ierde dy't it noarderljocht mooglik meitsje.
De foto's en filmkes kinne stjoerd wurde nei redaksje@omropfryslan.nl